Geschiedenis


Wat ooit eens begon als een katholiek `onderonsje` is uitgegroeid tot een traditioneel feest op een unieke, sfeervolle openluchtlocatie. Dat het ooit zover zou kunnen komen met het feest had geen enkele Blauhúster kunnen bedenken.

De oprichter van het tuinfeest is de reeds overleden pastoor Lambertus Wilhelmus Vlaskamp. Hij wilde doormiddel van het feest de saamhorigheid van de katholieke gemeenschap in Blauwhuis vergroten. Hij stelde zelfs een legitimatiebewijs verplicht om het tuinfeest te beperken tot een besloten katholiek feest. Deze situatie was na enkele jaren onhoudbaar.

Mensen van buiten Blauwhuis gingen het legitimatiebewijs provisorische namaken. Dit is volgens velen het keerpunt van het Blauhúster Túnfeest, wat het bezoekersaantal betrof.

Met name de jeugd begon zich te interesseren voor het feest. Gevolg: beatgroepen kwamen spelen op de feesten en er werd aanzienlijk meer geofferd aan Bacchus.

Pastoor Vlaskamp kon de veranderende moraal niet keren. De eventuele baten van het túnfeest komen ten goed aan de Sint Vituskerk en Stichting Jeugdhuis Sie-Sa. Deze stichting heeft als doelstelling het stimuleren van het jeugd- en jongerenwerk in Blauwhuis en omstreken.

Op het 50-jarig jubileum kwam "pastoor Vlaskamp" nog één keer langs op de afgelopen 50 jaar door te lopen. Hieronder zijn verhaal.

 

Achte besikers fan it 50-ste Túnfeest

De lêste tiid hawwe wy perfoarst net te klaaien oer de geastlike adviseurs dy’t hjir yn de pastorijtún omstappe. Sa wienen kapelaan Paules Verheugt en pastoar Wirtz mei it Deiboek aktyf en no mei ik, pastoar Vlaskamp, ta jimme sprekke. Ik bin der tige mei ynnommen dat de Blauhústers my noch hieltyd wurdearje omdat ik it Túnfeest nei Blauhús helle ha. Lit my begjinne by it begjin.

Yn 1961 kaam ik fanút Uithuizen nei de parochje Sensmeer om pastoar Wirtz op te folgjen. De Blauhúster jongerein wie warber. Ik krige harren dan ek fuort en daliks entûsjast doe’t ik foarstelde in Túnfeest te hâlden lykas ik dat went wie yn myn âlde parochje Uithuizen. De opbringst wie en is noch hieltyd foar de jongerein. De Túnfeestploech gie oan de slach en wis en wrachtich............

Op 23 juny 1962, hjoed op de kop ôf 50 jier lyn, stie it earste Túnfeest op it programma. Der moast noch in dûnsflier hierd wurde. En de muzyk kaam fan it Regenboogkwartet en de yntree wie ƒ 1,75. It Túnfeest wie earst wol in Roomske oangelegenheid want ik stie by it stek en eltsenien moast him as har legitimearje. En as ik twifels hie, liet ik de besiker ‘het onze vader’ en ‘het wees gegroet’ bidde. En ik sil jimme sizze: alle net roomsken foelen sa troch de koer. Jimme wolle net witte wat foar gebeden destiids foarby kamen.

It Túnfeest rûn as it spoar en nei de noadige ynvestearringen, kaam it nei it Túnfeest fan 1965 ta in behoarlik posityf saldo en sa waard der dat jier in dûnsflier kocht mei in oerflak fan 180 m2 (15 platen fan 3 meter by 4 meter). En swier dat dat kring wie....Net te tillen

Yn 1966 wie der mei it Túnfeest Muzyk fan Rixa en de Golden Five. En ik liet my fansels ek sjen yn de tún. De hûn wie myn trouwe feestpartner. Ja, sa’n Túnfeest wie der ek goed foar om de ôffalligen wer yn ‘t tsjerke te krijen.

Yn 1967 fersoarge Musicstrings de muzyk. Ik haw der net folle ferstân fan mar neffens my wie de string doe noch net útfûn mar dochs . Unkosten fan de muzyk wie 750 gûne. Dat wienen nochris tiden. Rûnom yn Fryslân waarden plakkaten ophongen mei: BLAUHUSTER TUNFEEST. Op myn eigen fersyk moast yn elts RK tsjerke poarteal in plakkaat hingje. It legitimaasjepaske foar de besletten katholieke baljûnen hingen oan in siden triedsje want ‘hoe mear silen, hoe mear freugd...en hoe mear jild. En...je moatte fansels mei de tiid meigean.

It Túnfeest libbe yn de fiere omkriten. It is dan 1968. Dat jier kamen de minsken oeral wei. Roomsk as net, allegearre nei it Túnfeest. De hikke wie fan’e daam. Gjin paskes mear, dus ek gjin krúskes slaan as in ‘Wees Gegroet’ bidde.

Yn 1969 waard besletten dat de dûnsflier ferhierd wurde koe en der waard in flierlizzers ploech gearstald. Mar sa’n ploech wie nei it lizzen dan fan it begjin oan it ein op sa’n feest. En fansels waard er dan ek wol ien preaun.. Op it ein fan’e jûn moast de flier wer opladen wurde en dan op nei hús. O o o, wat weage sa’n flier dan swier mei al dat bier. En de oare deis seach ik de mannen as hoepeltsjes yn’t tsjerke sitten.

Yn 1970 wie’t foar my it lêste Túnnfeest wêrby ik fysyk oanwêzich wie mar fansels waard ik ek dêrnei troch myn opfolgers op de hichte brocht fan dit feestlik barren.

Nei myn ôfskied fan de parochje Sensmear hearde ik dat der yn 1971 gjin Túnfeest wie omdat der minsken mienden dat soks út de hân rûn. En... der barden saken dy net koene. Dit kaam de Túnfeest kommisje oer it mot. Mar, de mannen fan de kommisje lieten it der net by sitte. Der wie noch mei my ôfpraat, dat as der jild oer bliuwde, dat foar it jeugd en jongereinwurk wie yn Blauhus. Oan’e Pôle kaam in wente frij en dat wie in O sa’n gaadlik plak foar in Jongerein hús. Troch Caritas en jild fan it Túnfeest koe it hús kocht wurde. No seagen de minsken dat it jild dat it Túnfeest oerhâlde, op in positive wize brûkt waard. En der koe yn 1972 direkt wer helderop Túnfeest fierd wurde. Ja, wat sille wy no belibje.

Yn dat jier wie ek de Blauhúster Dakkapel fan de partij en hja sette der no, nei 40 jier, in punt efter. Moarn sette hja as kapel foar it lêst foet op Blauhúster grûn, it plak wêr’t it allegear begien is.

Mar it Túnfeest set der noch gjin punt efter. Fansels net. Yn 1972 waard op de sneontejûn de muzyk fersoarge troch de Zamora’s. Harren gaazje wie 250 gûne. It Apollo Trio die it op de sneintejûn foar 300 gûne, en in draaiorgel, foar 200 gûne. In tige wichtich barren wie dat yn 1972 it fleske bier yn de tún yntrodusearre waard . En de susters, de nije bewenners fan de pastorij, hienen fansels fergees entree mei it Túnfeest. Hja makken dêr net echt misbrûk fan kin ik jimme sizze.

Yn 1974 stie Next One op it poadium. Hja spilen de hiele jûn foar in bedrach fan 1190 gûne. De opbringsten giene allegear nei it jongerein hús, wat de namme Sie-Sa krige. Op de Kie wie der in Grasbaan races. In wier spektakel kin ik jimme sizze.

Yn 1975 kaam Harm syn winsk einliks út. Foar it earst in barbecue op de sneontejûn. Op de sneintejûn fermakken Jen Rog en de Dakkapel it Túnfeestfolk. En o ja, de Karnavalploech waard ynsetten om mei te helpen. Harren beleaning wurdt oan de dei fan hjoed yn it bernekarnaval stutsen. Koartsein, ek hjir wurdt de jongerein wer stipe.

En, ek it SAC waard yn 1978 ynsetten om fleskes te sykjen en dêr bliuwde fansels in sintsje fan oer foar de ferskate ferienings. Foaral de jongere fleskesikers wienen iverich en sochten mei namme yn de struken. Net dat dêr sa folle fleskes leinen mar faaks komme je der ek nochris wat oars tsjin. En fansels wie it foar ferskate besikers in sport om de fleskes djip yn ‘e grûn te traapjen

It Túnfeest waard grutter en grutter en ein jierren ’70 en begjin jierren ’80 kamen der grutte bands lâns lykas de Dizzymandsband, The Cats en twa kear BZN.

En fansels wie it op de sneintemiddei rûn it plantsoen ek altyd aksje. Kúpke stekke, spryt rinne, Skelter race, Knock-out show, paraplu hingje bierfytse en nim fierder mar op..

Yn 1980 waard de nije muzyktinte yn gebrûk nommen. En lykas mei de dûnsflier waard dizze ek ferhierd. Net dat de muzyktinte deselde jûn ôfbrutsen waard. Nee, dêr waard de hiele sneintemiddei- en somtiden en noch de jûn foar útlutsen. Dat jier koe der pas let neisitten wurde op de moandeitemiddei. Ien fan de helpers siet boppe op it dak doe’t hy eat brânen seach yn Wolsum. De pleats fan Tsjerk Kramer stie yn ‘e brân. Eltsenien rike de tún út om de brân te oanskôgjen en dêr stie de Kommisje. Mar gjin need, de útneiers melden har letter wer kreas yn ‘e tún.

Sa’t ik krekt al sei wurdt der nei it Túnfeest op de moandeitemiddei fansels efkes neisitten. Yn it begjin fan de jierren ’80 waard der net allinnich mar bier konsumearre mar waard der hast in frachtwein mei sjips oanfierd. Ik bin fan hús út net sa’n sjips iter mar de wienen mannen by dy’t der net genôch fan krigen. Hjoeddeis genietsje de mannen fan in lekkere bak patat shoarma by Wibo út Snits wei. No’t wy it dochs efkes oer iten ha it is fermeldingsweardich dat Bonne mei syn patatwein al 25 jier op it plein stiet. En dêrfoar hie Remmelt Boonstra syn paadsje ek wol skjinfage. Remmelt syn spesjaliteit wie in broadsje paprikawokkels mei pindasauce. Hoe komme je der op.

It jier 1984 wie foar my in min jier. Sis mar gerêst in poermin jier want ik lei doe myn holle foar goed del. Mar myn geast is oan de dei fan hjoed noch hieltyd oanwêzich yn de tún en dêrom is my ek noch neat ûntgien. Ek net dat de grutte seal yn de Freonskip nei my neamd is. En wat bin ik dêr grutsk op.

Yn 1986 waard tagelyk mei de skoallereuny ek it 25 jierrich Túnfeest fierd. Arne Jansen wie dy jûn sa ûnder de yndruk dat hy syn jild lizze liet yn de moderne klaaikeamer want de gaazje lei moandei te moarn noch moai op tafel. Us bier doppen waarden altyd ynsammele en ophelle troch in echtpear út Maastricht foar de tredde wâld.

It jier 1992 wie in besûnder en dochs en wol in histoarysk jier omdat der foar it lêst út in fleske dronken waard mei it Túnfeest. Dêrmei wie ek de tiid foarby dat it bier kâld holden wurde moast mei iis en kuolders.

Ek waard der dat jier yn septimber in ekstra feest hâlden foar de tsjerke troch it tinte túnfeest te organisearre op it fuotbalterrein. En de oare deis moasten ferskate fuotballers nei it Amelân. Dat waard doe in koarte nacht.

Yn 1999 koe der net mear kontant ôfrekken wurde by de bar mar moast der mei munten betelle wurde. En....en de bierfetsjes binne ynwiksele foar tankbier. Watte, de mannen fan de kommisje rinne bo sels mei hatsets. It binne krekt fan dy feilichheidsmannen dy’t in eachje hâlde op Geert Wilders.

Ik wist it al lang mar ik tink dat de hiele Blauhúster mienskip der fan oertsjûge is dat it Túnfeest ûnmisber is. Yn it foarste plak binne it lykas de Merke en it Karnaval feesten dy’t by Blauhús heare mar ek de finansjele stipe is tige wichtich. Want net allinnich it jongereinwurk wurdt oerein holden, ek de tsjerke wurdt net ferjitten. Dan haw ik it bygelyks oer in nij tsjerkestek, it herstraten fan in tsjerkeplein, herstel koetshús en grint op it paad.

Foaral de leden fan de túnfeestkommisje dy’t no net mear aktyf binne wite dat ferskate minsken der foarhinne in sport fan makken om op de sneintejûn fergees de tún yn te kommen. It is foarkommen dat sneintemiddeis rûn in oere as seis al froulju efter de reiten skutting weihelle waarden. De measten waarden konfrontearre mei de tsjerkegrêft. Der wienen der by dy’t der droech oerhinne kamen mar de measten slaggen dêr net yn en stonken in oere yn de wyn en koenen sa tusken it Túnfeestfolk weiplukt wurde. Ja, Fedde en Siem hienen it der foarhinne mar drok mei.

Net allinnich wie it in sport om der fergees yn te kommen, der wienen ek altyd mannen dy’t soargen foar in stunt. Sa waard de flage al ris út de toer helle en waard de klok lieden. Net troch oan it tou te lûken mar troch op it dak te klimmen en de kleppel tsjin de klok oan te slaan. Je moatte mar duorje. Mar de dieder doarde net mear ûnder te kommen. Mar úteinlik moast hy wol en dêr stie Henk Jellema. Ik sil jimme ien ding sizze, dizze man komt net wer op it dak .

De mannen fan it Túnfeest hawwe de tsjerke net allinnich finansjeel stipe mar holpen de tsjerke ek wolris út de brân. Faaks wie it mistsjinnersreiske op de sneon fan it túnfeest. Pater Bekema die dan faaks de misse en dan stienen Willem en Simme, de modelmistsjinners klear om him te assistearjen.

Al jierren wurdt de Súdwesthoeke fersierd mei plakkaten fan it Túnfeest. De tekst is yn de rin fan de jierren wol wat feroare. Foarhinne op de sneon Dansfestijn voor de gehuwden. Dizze tekst kinst der hjoed de dei net mear opsette want dan hie der net al te folle folk op ôfkommen. It is my lykwols wol in klap tsjin de seare poat dat der hast net mear troud wurdt mar hawar, dêr wol ik op it 51-ste Túnfeest noch wolris in lêzing oer hâlde. Ik hear it wol.

Túnfeest, net eltsenien hat dêr goede erfarings mei. Sa sjoch ik Marten Mulder noch mei syn ombûge buordsje Smûke Hoeke de tún ynkommen. En myn kollega pastoar Voskuil dy’t it Túnfeest mar in merry en hingstebal fûn.

Els mei wite wat hy as sy fan it Túnfeest fynt mar Blauhús is wiis mei it Túnfeest en Blauhús is wiis mei de Túnfeestploech dy’t no mar ek yn it ferline aktyf wie want 50 jier Túnfeest is in felisitaasje wurdich. Ik winskje jimme allegear in gesellich Túnfeest ta.

En ik hoopje dat myn geast oer 50 jier noch hieltyd oanwêzich is om dit prachtige feest te belibjen.

Amen.